Beeld en geluid
Foto en video
Computers
Refurbished
Software
Dierenbenodigdheden
Drogisterij
Parfum en cosmetica
Elektronica
Componenten
Games
Speelgoed
Feestartikelen
Hobby
Knutselen
Modelbouw
Kabels en adapters
Kleding
Schoenen
Tassen en koffers
Koken en tafelen
Keuken apparatuur
Horeca
Muziek en film
Muziekinstrumenten
Parfum en cosmetica
Persoonlijke verzorging
Parfum en cosmetica
Schoenen
Kleding
Tassen en koffers
Games
Speelgoed
Feestartikelen
Wasssen en drogen
Wonen, woonaccessoires
Kerst
Meubels
Verlichting
Fabrikant: | |
---|---|
EAN-code: | 9789089543936 |
De earste printing fan Jan Piebenga syn Koarte skiednis' ferskynde yn 1939. It wie it earste folsleine skiednisoersjoch fan de Fryske literatuer en ûntstien út de praktyk fan it lesjaan. It boek is tige ferheljend fan opset en jout rom omtinken oan persoanen en omstannichheden. It besiket elke Fryske skriuwer in plakje te jaan ek dyselden dy't fan it twadde of tredde plan achte waarden. Literatuer en taalbeweging wiene by Piebenga twa kanten fan deselde medaille. Piebenga wie 28 jier doe't er it boek skreau. Syn generaasjegenoaten liezen it as in meislepende histoaryske roman. Yn 1957 ferskynde de twadde útwreide edysje. It boek foel der doe minder goed yn omdat de grutte feroaringen fan nei 1945 misten. Dat nimt net wei dat it boek foar de stúdzje fan de âldere literatuer noch altyd in weardefolle boarne is. Dizze útjefte is de werprinting fan de twadde edysje út 1957. Ryklik de mjitte fan 'e oandacht en de wurdearring krije by Piebenga de minsken mei hertstocht mei felle begearten mei demony mei oanstriid ta it grutte ek as al dy eigenskippen swak of ûnoannimlik yn it wurk de prestaasje realisearre binne. Y. Poortinga yn de Leeuwarder Courant Men wordt hier voorgelicht door een deskundige die weliswaar gedreven door de liefde voor Friesland maar toch voorzichtig en zo objectief mogelijk de veelsoortige uitingen van de menselijke geest op literair gebied op hun juiste waarde tracht te schatten. Uiteraard is zijn visie persoonlijk. B.W. van Klaarbergen yn Levende talen